- Gegevens
- Categorie: De Havensbank
- Gepubliceerd: 30 november 2008
60 jierrich jubileum Doarpshûs en Nifelsouder
60 jierrich jubileum Doarpshûs en Nifelsouder
Sneon 8 novimber 2008 wie wer in bysûndere dei, der wie in folslein deiprogram gearstald foar jong en âld en dat alles om't hja nei it 50-jierrich bestean fan alle kanten te hearren krigen "moai sa trochgean", en dat hawwe hja dien!!! Tsien jier letter dus it 60-jierrich bestean fan beide ferienings.
Moarns fanôf 10.00 oere koene minsken dy't útnoege wiene oanskowe oan de kofjetafels, wêrnei Laura Brandsma en Jaap van der Heijde beiden in stikje skiednis oereiden fan resp. It Doarpshûs en De Nifelsouder.
Wietse Martens, út namme fan Pleatslik Belang Wergea, woe beide ferienings in waarm hert tadrage en in entûsjaste hear Vellinga, fan de feriening fan Doarpshuzen, beslúte de rige sprekkers. Hjirnei noch in noflike en smoute neisit mei in beskieden muzykje fan de "Trekzakfroulju" op de eftergrûn. Middeis fanôf 15.00 oere wie it iepen hûs yn it Doarspshûs. Foar de pjutten en de beukers wie der in trochrinnend poppe- en knuffelsprekoere. Moai te sjen hoe serieus de bern de froulju fan it konsultaasjeburo te wurd stiene en hokker slimme sykten de poppedokter oanhearre moast.
Fierder koene de bern omraak sminkt wurde en mochten hja harren keunsten, mei as sünder optearde balonnen, fertoane efter de karaoke-apparatuer.
Boppe-op de Nifelsouder wiene der wurkstikken te sjen, koe jong en âld spikerslaan en mocht fansels it wiidferneamde spikers-rieden ek net ûntbrekke.
21 Lieders ferdield oer mear as 60 bern binne hjir yn it hjerst- en winterskoft dwaande om allerhanne wurkstikken te meitsjen en it is hiel nijsgjirrich te sjen dat ek de techniken, it ark en de apparatuer hiel oars binne dan yn ús pitreidtiid.
Om 17.00 oere kaam it spetterjend optreden fan it Wergeaster Bernekoar û.l.f. Sander Metz. In tsiental nûmers fan û.o. Nick en Simon waarden foar it fuotljocht brocht. Skitterjend en hjir sille wy grif mear fan hearre.
It slotstik fan it hiele barren wie it stamppotbuffet en de eask dat der yn alle gefallen 60 minsken mei-ite moasten, waard mei in dikke 100 iters rom te boppe gongen. Sels ha ik it measte mei boerekoal en ik foel mei de noas yn 'e bûter, in buorfrou joech my ek noch wat ekstra woarst en spekjes. It wie hearlik.
Sa kaam in ein oan dizze lange dei en ik wol eindigje mei: Doarpshûs en Nifelsouder, foaral trochgean!!!
Jelle Dijkstra