Kin de mêst no stean bliuwe?
Kin de mêst no stean bliuwe?

Sa as "good old" Tetman de Vries eartiids al sei: de tiid hâld gjin skoft! sa is ek 2008 der wer trochflein as in 'Joint Strike Fighter "troch it Fryske loftrom .
Aldjiersdei, in dei om it efterlizzende jier nochris oer te eidzjen en foarsichtich foarút te sjen nei it nijejier, wat der werfoar de sprekwurdlike "doar' leit.

It jier begûn alderferskuorrende skier. Net (allinne) fan 'e drank, mar (ek) fan de mist. It ienichste wat ik fan myn fjoerpylken sjoen ha, wiene de stjerkes dy 't fan it lont ôf spatten én dyselde stjerkes dy 't de pylken de earste pear meter omheech jeiden! De rest fan de wille moast fan it fokale part fan de pylk komme. Koartsein: it wie sa dizich, in meter foar jo wie de wrâld al net mear te ûnderskieden, mei ûnder oare as gefolch kilometers lange files, mar dat hie nimmen sjoen dy nijj iersdei.
Wat we wol sjoen ha op 1 jannewaris fan it ôfrûne jier wie in Bidler fol minsken, dy 't tsjûge wienen fan in machtich moai nijjiersbarren, mei grutte skermen mei dêrop nijjierswinsken fan in protte Wergeasters. Guon wiene yn 't foar al opnommen, mar de "Jeroen Pauw" fan Wergea wie der ek mei "live" nijjierswinsken fanút de Bidler sels. Koartsein it jier wie goed útein setten.
Fansels gean ik net op alle saken yn wêr't wy hjir yn Wergea mei dwaande west ha, mar dochs wol ik in pear saken by de kop ha wat dochs wol in bepaalde maatskiplike reaksje hat as hân hat, lykas: it smookferbod yn de hoareka.
Fansels ha je oeral foar- en tsjinstanners, dus hjir ek en elts hat der wol in motivaasje foar.
Foardielen fan 't ferbod dy 't ik heard ha wiene ûnder oaren: it rûkt frisser yn 'e "jachtweide", lykas de klean, dy't jo no wer gewoan neist it bêd oer in stoel, as sokssawat, hingje kinne, sûnder moarns wekker te wurden mei in nearzige smooklucht yn 'e noastergatten as hiene jo yn 'e kroech sels sliept. Ek rûkt jo partner net sa gau dat jo 1 kocht ha, alteast as jo gjin drank griemt ha op it boesgroen en de tosken net alderferskuorrendst goed poetst ha mei in sterk azem ferfrissende pasta. Lang om let soene der ek mear minsken, út de kategory net smoker, yn de hoareka komme, mar de sifers fan it hoarekabûn wize der net op. It skynt sels sa te wêzen dat der minder minsken út de kategory smoker de hoareka opsykje, om 't it minder gesellich is. En eins....eins is dat ek wol sa, ék foar de net smoker! Wêrom? No dat sit sisa. Stel, jo binne net smoker en je ferpoaze noflik yn 'e gelachkeamer mei 1 as meardere smokers. Jo kaarte, biljerte as darte in potsje as jo sitte yn in goed petear. De measte smokers sille op syn tiid nei bûten gean as nei in spesjale smookromte om it nikotine tekoart wer op peil te bringen. Om 't it dochs in sosjaal barren is, dat smoken en wy minsken "kuddedieren" binne geane der meastentiids meardere smokers it fertrek út. Yn 't minste gefal, dan sitte jo noch allinne oan 'e taap as tafel en de sfear dy 't der wie is yn rook opgien.
Noflik prate dat kin yn 'e "smookromte" ek wol en der meie jo (noch) wol drinke, dat men kin dêr wol hingjen bliuwe, sadat je op bepaalde mominten as net smoker de sosjale kontakten yn de smookromte opsykje moatte, wêrtroch der wer passyf meirookt wurdt en de klean de oare deis wer stjonke as in Murd.
As jo bûten smoke moatte, dan sil it by bepaalde winterske waartypen ek wol wer wat tafalle, want je wolle as roker ek gjin kjeld op it boarst skypje, wêrtroch je alderferskuorrendst hoastje en proeste moatte.
Wat ek net bêst wêze soe is datje in pear konsumpsjes bestelle wolle en je moatte in kertier wachtsje om't de kastlein bûten stiet te smoken!
Sa sjogge jo mar, alles hat syn foar en syn tsjin en wat foar wa dan ek it beste wêze soe, lit dat foar him- as har sels mar útmeitsje en net troch in betutteljende oerheid, dy 't it folk wol sizze sil wat goed foar it minskdom is.
Hie it net better west om it smoken yn de hoareka te regeljen lykas yn Spanje bygelyks. Der kin de kastlein foar himsels útmeitsje as der smookt wurdt yn syn saak as net. As der mar in buordsje by de doar hinget mei derop: hjir wurdt smookt / hjir wurdt net smookt!
Yn elts gefal is de wjerstân de minister al oer 't mad kommen dit jier en sil it letste wurd der noch net oer praat wêze, dat we ha takom jier yn elts gefal wer wat om oer te praten under genot fan in......?
 
Neist de twa tuorren ha we ynkoarten ek twa bregen oan de trochgeande dyk, sadat wy as Bregebidlers, lykas eartiids ek wer wat better út de ferve komme, mar oer dizze brêgen hat ek wer in protte te dwaan west. Earst ús brêge by de Bidler. De gemeente woe ha dat die fêstlaske wurde soe, as dat der in piip komme soe om te besparjen yn 't ûnderhâld en personiel. Fansels moast der al wat barre, want die barte omheech draaie mei in opfierde "staafmikser" sa as it gefal wie, wie ek net ideaal. In kertier wachtsje op in saiterjol wêrfan allinne de mêst sjogge, wurket yn de measte gefallen net mei oan it algemien wolwêzen. Lokkigernôch is der troch Pleatslik belang in goedkeapere oplossing fûn as dat de gemeente foar eagen hie, om "it Noorderholt", sa as dizze brêge hjit, wer op in normale wize draaie, eeuuh... ik bedoel wippe te kinnen. En ek de korroazje is in halt taroppen, want hy is okkerdeis ek wer moai yn 'e ferve kommen.
Ek de Palmabrêge en de noch te graven feart troch de "âld" dyk hat ek al wer hiel wat fuotten yn 'e ierde hân. Neffens plan soe de dyk nei Ljouwert foar in wike as twa yn maart 2009 ôfsluten wurde. Foar my persoanlik en oare partikulieren net sa'n punt fansels, want der binne mear paden dy 't nei Ljouwert liede wêr myn Brava ek wol langs wol.
Mar foar de middenstân wer minder moai. Harren produkten wurde meastentiids oanfierd mei gruttere apparaten as myn Brava. En as dy frachtweinen net oer de Ljouwerterdyk binnen komme kinne, dan ha je ek wer in probleem. Want: te swiere weinen mei ek net troch Warten en oer de Narderbuorren en Kooistrawei is ek net ideaal, want dan komme se mei it grutte spul foar it brechje oer de Foudering te stean. En sa soene der noch wol mear neidielen sitte oan de ôfsluting. Mar: wat seach ik okkerdeis op wergea.com, De oannimmer hat it foarmekoar krige en realisearje in "bypas", wat ek geskikt is foar swier ferkear. Sa, dat is lokkigernôch ek wer út 'e wei!
 
Wat al sûnt de santiger jierren fan de foarige ieuw noch net út 'e wei is, is it fytspaad fan Warten nei Grou. (en werom fansels!)
Einlik wiene de plannen der sa goed as troch, mar no wie 't jild fan de gemeente wer op! Ek de provinsje woe it net foar finansiere, om 't de steaten benaud binne om it jild net werom te krijen. Koartsein: der sille earst wol deaden falle moatte foardat der in fytspaad komt, mar litte we hope dat it net safier komt!
 
Ek it aaisykjen stie fan't maaitiid wer yn de "spotlight". As it oan Faunabeheer en soksoarte fan organisaasjes leit, meie jo net in aai mear meinimme, sels net as de aaien yn 'e iere maaitiid fertutearzje soene en de aaisiker oan neisoarch dwaan soe.
Jammer yn 't hiele ferhaal is dat men yn Frankryk en guon oare lannen de Ljippen by bosken út 'e loft sjitte (as it goed is, dan sit Faunabeheer ek dy jagers op 'e hûd?!), wylst der troch de fûgelwachters yn Fryslân probearre wurdt it tal ljippen omheech te krijen troch ûnder oare in goede neisoarch.
Mar giet it allinne om de fûgels? Nee, fansels net! It giet ek om it wolwêzen yn Fryslân.
De natuerman as frou moat der út as it maaitiid is, it lân yn! As dat net mear mei dan is der in kloft folk fan 't maaitiid net te brûken. Mei in sin as in baarch sitte se op 't wurk as thús efter de begoania's as wit ik wat der trochgeans yn in finsterbank stiet. Harren bioritme sil in grut part fan 't jier fan slach wêze en pas at se in knappe Merke oer de lea krije, sille se wer wat by sûp en stút komme. Koartsein: in knau yn it algemien wolwêzen.
Best Faunabeheer, as it aaisykjen en dan foaral it meinimmen, ferbean wurdt, dan wurde der in weareld oan aaien opfretten troch fûgels, Wezelingen, Murden, Foksen en wit ik wat, as se geane kapot troch it kâlde waar. It tal neisoargers sil ôfnimme, wêrtroch de fûgelstân ek werom rinne sil om 't de boeren it sljochtwei net altyd oan tiid hawwe om alle nêsten te finnen, wêrtroch der in bulte nesten kapot meand as omploege wurde.
Ek sille der mear net registrearre aaisikers de greiden yn gean om in aaike te "streupen".
Dus dat hantsje fol aaien, sa as ôfpraat is, sil yn myn eagen net yn ferhâlding stean mei de skea dy dan ûntstiet. Men seit wolris: it is minske tsjin natuer. Is in minske gjin natuer dan?
 
Wat der lang om let ek kommen is it ôfrûne jier is de doarpsgids. In moai skoft is der troch de wurkgroep oan wurke en it is in nijsgjirrich boekwurk wurden.
En dat de tiid gjin skoft hâldt docht wol bliken, want in pear saken binne alwer troch de aktualiteit ynhelle. Lokkigernôch is dêr rekkenskip mei hâlden en is der ek romte om mutaasjes der yn te setten.
 
Fansels steane we ek elts jier wer stil by de Wergeasters dy 't fan 't jier ferstoarn binne. We betinke harren mei respekt en winskje de neisten in protte krêft ta foar it kommende jier.
5 jannewaris     Jantje Akkerman - Akkerman              71 jier
6 july                Lida van den Berg - Schnieders          72 jier
23 july              Hinke Mulder - de Vries                      81 jier
15 augustus      Saar Renshoff                                    53 jier
16 augustus      Irena Boxum  Rodak                           53 jier
Fansels binne der noch tal fan saken dy 't fan 't jier de revu passearre binne, mar as ik dat allegearre beskriuwe wol dan kladderje ik allinne dizze Havensbank fol en dat is it doel ek wer net.
 
Efter jo sjen wat west hat is goed fansels, mar we moatte ek net ferjitte om foarút te sjen.
Ik woe earst mar begjinne mei de nijjiersmoarn en hoopje dat we allegearre goed útein sette, sawol thús, yn jeugdsosiëteit SZDRNZLL as yn 'e Kroech en middeis yn de Bidler.
Ek it oankommende jier is der wer in Alvestêdetocht. Mannich reedrider sil him as har no efter de earen skrabje en tinke: hoe sil dy jonge fan Mud dat no wer witte?
Fansels hoopje ik ek dat "de tocht der tochten" wer op redens riden wurde sil, mar dat kin ik ek net foarsizze, wol dat der wer in alvestedetocht komt mei auto's, brommers, fytsen, autopetten, 6alde trekkers, kano's en sawathinne.
Ek kinne we ús wer opmeitsje foar in nij Iepenloftspul, mei as namme: Cascada. Yn maaie sil it foar it fuotljocht brocht wurde en sa as wenst hjir yn Wergea, sil it ek wer oars as oars wurde.
Nijsgjirrich is dat it dit jier 20 jier lyn is dat Wergea foar it earst yn 'e kunde kommen is mei it fenomeen
Iepenloftspul. Yn 1989 is troch de Wergeaster iepenloftpioniers útein setten mei Buorkjende bisten, dernei
folgen: Twaspjalt, Seks, fampiers en fergrutglêzen, the Blues Brothers, Kearewear, Pocahontas (mar dan oars), 19-40-4-7-25-29 en Lucky Manuelo.
En ek dit stik, wat ûnder lieding stiet fan Anne Graswinckel en Marit Bamboe, sil it besjen en belústerjen wer mear as wurdich wêze.
 
De earste boaten sille nei alle gedachten troch de Nije Warring en de Palmabrêge gean en Grut Palma sil mear en mear bewenne wurde. En no mar hoopje dat it syn beëage effekt hat op middenstân, ferienings ensafuorthinne.
 
Ach: We sille it allegearre wol sjen wat it nije jier wer bringt.
Set de kredytkrisis troch as giet Sinteklaas takom jier wer mear útjaan lykas hy dat krapoan in moanne lyn ek al die? Lokkigernôch binne der berjochten dat de ekonomy wer oanlûkt en dat we der wer op foarút gean sille. En dan mar hoopje at de minsken dy 't der it meast ferlet fan ha der ris wat mear op foarút buorkje.
Hawar: hoe oft it ek komt, ik winskje eltsenien út namme fan de folsleine redaksje in lokkich en sûn nijjier!
Mathijs
 
 


 

Bedrijven
    
WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.