Mosken en Swannen, leafde, de nationale tuinvogeltelling, relaasjes en toaniel. Wat binne we moai efkes fuort!
Mosken en Swannen. Ik tocht noch efkes miskien hat it mei de Nationale Tuinvogeltelling te krijen? Mar nee, d?rfoar wie it in wykein te let. Toanielferiening Halbertsma spile it stik Mosken en Swannen fan Haye van der Heyden. Spannend foar de feriening om eltse kear in stik te finen wat oansl?t by de Br?gebidlers.?Mar we witte dat ek s?nder musyk yn de haadrol Halbertsma in stik spylje kin. Spannend ek foar de besikers want de poster joech gen?ch fraachtekens . Twa spantsjes omtrint bleat op de foto. En dan ek noch de Kijkwijzer mei de bleate fuotten. Wat betsjut dat de adfysleeftiid ?lder as 16 is. Bij de yngong is wol kontrolearre op kaartsjes, mar neffens my net op de leeftiid fan it publyk? Mar hawar om goed acht oere koe de foarsitter in folle seal wolkom hjitte en gie it oan. We komme yn 'e kunde mei twa stettsjes dy't e?koar moetsje op in feestje. Esther en Aram binne troud, ha elkoar allang goed besjoen. Riek en Korine hawwe in iepen relaasje. Dizze beide ha hiele teoryen oer it libben en de omgong tusken manlju en froulju.?We leare dat der werom? minsken binne en doch minsken.
?
?
Fuortendalik hienen de spilers de minsken te pakken. Esther har libben stiet op de kop. Net sa sear omdat Aram har net trou is mar omdat der swierrichheden mei de potinsje binne en ja as dat oer strjitte giet! We sjogge in prachtige kano-sc?ne mei sa op it each echte wettergolfkes.
Der binne in pear mominten dy't der foar my ?tspringe. Op it stuit dat Aram en Korine elkoar yn?de leafde fine sitte Riek en Esther dat fan kommentaar te foarsjen. Machtich. De mannen har petear yn de sauna. It wie krekt echt. Grutte sauna, handoeken en in senuweftige Aram. Riek komt him goed op it sear.?En de froulju yn de bios. Esther wol Korine d?dlik meitsje dat se it net pikt dat Korine en har man tegearre op b?d bel?ne binne. De kettingseach en de blender wurde neamd as mooglik middel in ein oan Korine te meitsjen. Korine iet sto?cijns har popcorn op mar freget wylst al goed troch oer hoe en wat. Hiele moaie mimykfan beide froulju.
?
Mosken binne kollektyf trou. Se dogge it allinne mei mosken, omt se dochs allegearre op elkoar lykje. Swannen bliuwe trou oan eigen partner. It joech ?s as publyk in boadskip mei: H?lde we it by ien partner as fladderje wy r?n? It dekor paste krekt. Mei mar in pear saken dochs hieltyd wer in oare entoeraazje skeppe is goed slagge. Dat de spilers it ferhaal sels oan elkoar prate makke it hieltyd wer nijsgjirrich. Opnij in izersterke foarstelling fan Halbertsma. Fjouwer oan elkoar weage beste spilers.
?
Lof foar de rezjy en alle meitinkers en frijwilligers. Der is wer wat delset!
Franciske
Bedrijven
    
WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.