- Gegevens
- Categorie: Wurkgroep Ynternet Wergea
- Gepubliceerd: 18 december 2011
De lêste ôflevering fan de websitepuzzel. No kinne jo alle letters fan it wurd dat wy sykje ynfolje.
En doch it gau, want der wurdt in priis lutsen út alle goeie winners én der is in priis foar de earste ynstjoering!!!
En wy ferwachtsje net hûnderten ynstjoerings dus de kâns op in priis is grut!
De oare trije ôfleveringen stean ek op dizze site (efkes nei ûnderen skrolle). Stjoer it antwurd nei info@wergea.com
Fraach 16
Yn in advertinsje "Fa Zwart is gewoon de Beste !" stiet dat hja de John Deere Autopower Transmissie introdusearje, en dat betsjut "eenvoudig ............. schakelen”.
Hjirfan de 5de letter op plak 14.
Klik op 'lees meer' foar de lêste trije fragen.
Fraach 17
Yn in Havensbank stiet in stikje oer Voetbal, de redaksje freget harren lêzers om fruitnammen.
Fraach is hoefolle fan dy nammen moatte der yn stean?
5de letter op plak 2.
Fraach 18
Yn in oprop stiet "Dit is het einde, we zijn uitgeroffeld" Oer wa giet dit hjir ?
We wolle graach de 7de letter en dy komt op plak 5.
Fraach 19 (de leste fraach)
Yn it oktober nûmer fan natoernijs, wurdt in bysûnder lyts fûgeltsje beskreaun, Ingelsen ha der in namme foar. Wat is de Ingelske namme foar dit fûgeltsje.
De 11de letter fan dit wurd op plak 7.
Antwurden graach fia info@wergea.com.
Fierders noflike krystdagen en in sûn 2012.