- Gegevens
- Categorie: Wurkgroep Ynternet Wergea
- Gepubliceerd: 25 december 2011
Dizze puzzel is sûnt novimber yn fjouwer dielen op de site setten. No nochris alles yn ien kear. Los de puzzel op en win in dikke priis!
Hoe wurket it?
Dat stiet yn de Havensbank fan novimber, mar hjirûnder ek noch efkes yn it koart.
De oplossing fan de puzzel is ien (lang) wurd.
De earste goeie oplossing is priiswinner en út alle goeie oplossings wurdt ek noch in winner bekend makke. Earst in foarbyld:
Fraach x: Wat is de namme fan de skriuwer fan stikjes oer rare fiten yn it Wergeaster fabriek.
Antwurd: Syberen van der Vlugt
De 3de letter komt op it 12de plak.
Dit betsjut dat yn it wurd dat wy sykje de 12de letter in B is.
En sa komme der krekt safolle fragen as der letters binne. En op it lêst is it wurd bekend! Mar as jo it wurd al earder witte, dan kinne jo fuort de oplossing trochjaan fia de mail: info@wergea.com.
In protte súkses!
(O ja, alle Havensbanken fan dit jier steane op de Wergeaster site (sjoch oan de linker kant fan dizze side)
Fraach 1
Yn hokker nûmer fan de Havensbank komt de adfertinsje foar "en ha jo de balen fan mollen op jo hiem" Graach de 4de letter op it 8ste plak.
Fraach 2
Yn lykwicht is Dirkje Swierstra net allinich massage therapeute mar derneist ek ......docente.
De 8ste letter , komt op plak 13.
Fraach 3
Yn it april nûmer stiet in artikel oer turners fan Udi, hja pleatsten har foar de heale finale fan it NK. Welke plaknammen wurde neamd in dit artikel?
De 23ste letter op plak 4.
Fraach 4
In midwinterconcert waard hâlden yn 'e Bidler mei it Fries Jeugd Harmonie Orkest en it Symfonisch Harmonie Orkest Fryslân ûnder lieding fan ...........( namme )?
De 6de letter, komt op plak 12.
Fraach 5
Yn ferskate Havensbanken stean artikels fan in "ald"redaksjelid , fan syn hân binne bygelyks dy oer Gerrit Bakker en Rudmer van der Meer. Wa is dizze bysûndere en aardige man mei sa folle poëtyske wurdepreal.
Hjir graach de 2de letter fan syn namme. Komt op plak 17.
Fraach 6
By A.Wobbes Bloembinderij v.o.f. kinne jo telâne foar û.o tún oanlis en wat noch mear?
Hjir de 2de letter op plak 18.
Fraach 7
Yn in snypsnaar fan febrewaris stiet immen dy 't him pleatst hie foar baan kampioenskippen. Wa is dizze Wergeaster "crack "
3de letter wurdt frege en komt op plak 15.
Fraach 8
Twa kearsen en in stik stikeltried binne symboal fan in organisaasje. Yn Wergea wurdt yn de Frissel yn desimber in skriuwersjûn hâlden ûnder harren flagge. Oer wa hawwe wy it hjirre?
We freegje de 7de letter, plak ?
Fraach 9
In groep jongerein is aktyf foar World servants bynammen Nynke en Bieuwkje Kooistra, hja geane nei in plak yn Ghana "Dakpannuri ", graach hjir de krekte plaknamme.
We freegje de 1ste letter en dy komt op plak 6.
Fraach 10
Halbertsma toaniel spile yn Wergea 'De Wenboat’ Wa is eins de skriuwer fan dit spektakelstik en wa wienen de earste bekende akteurs?
De 2de letter fan de 2de man,komt op plak 10.
Fraach 11
It âldpapier wurdt else moanne yn Wergea ophelle troch frijwilligers, foar wa is de opbringst eins.( alfabetiske folchoarder) ? Letter komt op plak ?.
Fraach 12
SP grondverzet & onderhoudsbedrijf docht yn wâlbeskoeiïng, sierbestrating,riolering en tegelwurk. Ek kin hy ............. produkten leverje.
10de letter op plak 19.
Fraach 13
Boppeseal Movies Wergea wie fan 't simmer aktyf mei it meitsjen fan harren film. In bealch fol wurk en in protte organisaasje. Net allinich yn Wergea wie men entûsjast mar ek yn ...........
Graach hjir de 1ste letter fan en dy komt op plak 3.
Fraach 14
Yn de redaksje fan de Havensbank is ien dwaande mei de advertinsjes .Wa is dizze persoan ?
Wy wolle grach de 2de letter ha. Komt op plak 16.
Fraach 15
Lotteryclub "Risico " bestiet hûndert jier, yn harren bestean waard ienris jild liend fan "Lotisico", harren tsjinhinger. Fraach ,hoefolle wie dit ?
Hjirfan de 3de letter, plak ?
Fraach 16
Yn in advertinsje "Fa Zwart is gewoon de Beste !" stiet dat hja de John Deere Autopower Transmissie introdusearje, en dat betsjut "eenvoudig ............. schakelen”.
Hjirfan de 5de letter op plak 14.
Fraach 17
Yn in Havensbank stiet in stikje oer Voetbal, de redaksje freget harren lêzers om fruitnammen.
Fraach is hoefolle fan dy nammen moatte der yn stean?
5de letter op plak 2.
Fraach 18
Yn in oprop stiet "Dit is het einde, we zijn uitgeroffeld" Oer wa giet dit hjir ?
We wolle graach de 7de letter en dy komt op plak 5.
Fraach 19 (de leste fraach)
Yn it oktober nûmer fan natoernijs, wurdt in bysûnder lyts fûgeltsje beskreaun, Ingelsen ha der in namme foar. Wat is de Ingelske namme foar dit fûgeltsje.
De 11de letter fan dit wurd op plak 7.
Antwurden graach fia info@wergea.com.
Fierders noflike krystdagen en in sûn 2012.