Op freed 24 en Sneon 25 janewaris spilet Toanielferiening Halbertsma de skriller Bûnzje! in De Bidler.
We binne yn’e wenkeamer fan de famylje Sikkema. Marije, in frygeselle frou, fersoarget har ryke mar syke mem. Mem makket har kenber troch op’e flier te bûnzjen. En eltse kear as er bünze wurdt, moat Marije opdrave.
De twa oare bern, Aldert en Sjoukje, sjoche amper om nei harren mem en suster, hja hawwe harren eigen swierrichheden.
De ienige steun die’t Marije kriget, komt fan hûsdokter Hylke Ferwerda. Mar dan barre der nuvere dingen. Plysje ynspecteur Brouwer hat der sa har twifels oer.
Data: 24 en 25 Januari 2025
Aanvang: 20:00 uur
Locatie: De Bidler Wergea
Kaarten: via de website of op dinsdag 7 januari tussen 19:00 - 19:30 uur in de Bidler
Freed en sneon muzyk van Weima & van de Werf