Wergea - Sutelaksje Fryske Boek op freed 24 juny!
Twa jier lyn hat Stifting Tsjil mei in oantal doarpen de sutelaksje fan it Fryske Boek nei libben ynblaasd. Fan kommende freed ôf is der de start fan in fernijde opset. Yn gearwurking mei de stifting Boeken fan Fryslân sil skriuwer Ferdinand de Jong it suteljen fan Fryske boeken wer oppakke. Freed 24 juny hawwe Warten en Wergea de primeur, Lutz Jacobi sil de sutelers om 18.00 yn Us Doarpshûs yn Wergea op har eigen wize tasprekke en op in paad stjoere. Tusken 18.30 en 21.30 komme de Wergeaster/Warstenster frijwilligers bij jo del mei de kroaden fol boeken.
Dit jier sil yn totaal 16 kear sutele wurde, rûnom yn de provinsje. Ferskate doarpen en ferienings sille hjir foar benadere wurde troch Ferdinand de Jong. Foar ferienings betsjut dat in leuke ekstra opbringst foar de klubkas, want 25% fan de omset mei men hâlde. Yn Wergea is dat dit kear Filmkafé Bagdad en yn Warten kuorbalklub SV Sparta. Om bewenners yn de doarpen entûsjast te meitsjen foar de nijste Fryske boeken, wurdt in wike fantefoaren in folder mei ynformaasje ferspraat. Mochten minsken net thús wêze, dan kinne se ek in bestelbon opstjoere. In pinautomaat is oanwêzich foar it gefal minsken gjin kontanten yn hûs hawwe.
Sjoch foar mear ynfo oer alle aksjes op www.facebook.com/Sutelaksje-593082457526480
Foar Wergea: Rimmy Tijsma-Sinnema – 058-2551839, Frans Slaterus – 058-2552979
Foar Warten: Antje Castelein - 058-2551506
-
- Gepubliceerd: 20 juni 2016
- Categorie: Cultuur