Yn 2017 bestiet Toanielferiening Halbertsma 145 jier. In lustrum jier wêryn’t wy altyd mei in spektakelstik komme. Tsien jier ferlyn spilen wy “Ja suster, Nee suster” en yn 2012 waard “Moulin Rouge” op ‘e planken brocht. Altyd stikken mei in soad sang en dûns. En ek dizze kear bringe wy wer in lyksoartich stik foar it fuotljocht:
“Ik haw in Dream”, in musical basearre op ’e film “Mamma Mia”.
De ferskes fan ABBA foarmje de grûnslach fan dizze film. It ferhaal spilet him ôf op in Gryksk eilân wêr’t Donna, in frijgeselle Amerikaanske frou, in hotel hat. Har dochter Sophie stiet op it punt te trouwen mei Sky en foar dit feest hat Donna twa hertsfreondinnen útnoege. Sophie dy’t net wit wa’t har heit is, noeget sûnder dat har mem dit wit, trije eardere freonen fan har mem út om nei it eilân te kommen. Ien fan dizze mannen is mooglik har heit. Wa?
Lykas by “Moulin Rouge” is de rezjy wer yn hannen fan Theo Smedes.
Bliuw op ‘e hichte en folgje ús op Facebook enTwitter.
Foar mear ynformaasje oer de foarstellings sjoch op ús webside www.ikhawindream.frl
Oant sjen yn de Bidler
-
- Gepubliceerd: 17 november 2016
- Categorie: Cultuur