Tusken Twa Tuorren
Sa njonkelytsen is it projekt Under de Toer, ûnderdiel fan Ljouwert/Fryslân, kulturele haadstêd fan Europa 2018, rûnom yn Fryslân bekend. Twaentritich doarpen mei krektsafolle foarstellings fan jannewaris oant ein novimber dit jier. En Wergea komt as lêste oan bod mei it multykulturele stik Tusken Twa Tuorren.
Fear of missing out
Hjoed-de-dei hawwe in protte minsken lêst fan it gefoel dat se belangrike saken misse, benammen op it mêd fan digitale media. Yn geef Frysk neamme wy dat fear of missing out (FOMO). Mar de lêste moannen heart men hieltyd mear minsken dy’t dat gefoel ek ha nei oanlieding fan foarstellings dy’t mei de Kulturele haadstêd te meitsjen ha en dan foaral mei foarstellings út it projekt Under de Toer. Nim bygelyks Marijke Muoi yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert of Anna Maria van Schurman yn Wiuwert. Doe’t der gjin kaarten mear te krijen wienen, doe hearde men de minsken fan: ‘Och, wat hie ik dêr graach hinne wollen! Mar it koe net mear, útferkocht!’
Utferkocht!
Ek de kaartferkeap by de oare Under de Toer projekten rint as ‘t spoar. We rekkenje der dan ek op dat it yn Wergea net oars wêze sil. In relatyf lytse foarstelling mei in relatyf lege tagongspriis, mei in soad belangstelling yn it foar én mei in protte meiwurkers (dy’t famylje, freonen, bekenden en sa mear mei ha wolle nei de foarstelling), koartsein de kâns is grut dat it yn Wergea (ek) samar útferkocht is!
Kaartferkeap foar Wergea e.o.
Om no dat ferfelende, yrritante FOMO-gefoel foar te kommen, is it saak om derby te wêzen op it goeie momint: de foarferkeap fan kaarten yn Wergea foar de bewenners fan Wergea en omkriten. Dy kaartferkeap is flak foar de grutte fakânsje, twadde helte july. De krekte datum, it krekte tiidstip en plak komt yn de foljende Havensbank (dy’t 13 july útkomt) te stean. En om dy tiid hinne ek op de site fan Tusken Twa Tuorren (www.denoordersmederij.nl) en op de Wergeaster site (www.wergea.com). As jo dat healwei july yn ‘e gaten hâlde, dan ha jo wis kâns fan plak.
De data fan útfiering (tink derom, dy binne oars as yn de Havensbank fan april!):
Snein 11 novimber premjêre
Woansdei 14 novimber foarstelling 2
Freed 16 novimber foarstelling 3
Sneon 17 novimber foarstelling 4
Freed 23 novimber foarstelling 5
Sneon 24 novimber foarstelling 6
Arjen Agema
PR-kommisje Tusken Twa Tuorren
-
- Gepubliceerd: 27 mei 2018
- Categorie: Cultuur