DIZZE FOARSTELLING GIET NET TROCH!!!
Teaterkollektief Griene Sjippe spilet: ‘Bytsje Minder, Bytsje Mear’
De Bidler” Wergea
Sneon 4 maart 20.15 oere
Griene Sjippe is werom, en hoe! Yn 2022 ha Renee Fokkema, Folkert Sijbrandi en Erwin Hendriks ferskate doarpen del west mei harren nije kabaretfoarstelling ‘Bytsje Minder, Bytsje Mear’. Skreaun én spile troch dizze mannen, moai net? Ek yn 2023 stean se wer op de planken, en dizze kear ek by jo yn it doarp!
Bytsje Minder, Bytsje Mear is in kabaretfoarstelling mei muzyk en humoristyske teksten, dêr’t in ûnske minder as in ûnske mear sintraal stiet. Of..... Is it krekt oarsom? In fraach dy’t faak steld wurdt by it ôfweagen fan in produkt yn in winkel, mar ek tapaslik is foar allegear situaasjes yn it deistich libben. De sketsen jouwe in moai byld fan aktuele, werkenbere situaasjes, dêr’t it publyk harrensels yn ’e spegel werom sjocht.
Binne jo nijsgjirrich wurden en ha jo ek nocht oan in jûntsje fertier? Dan kinne jo no de kaarten foar
€ 18,00 it stik bestelle fia: www.grienesjippe.nl.
Sjogge wy jo dêr?
Regy: Hotze Karsten
Ljocht en lûd: Marius Del Grosso
-
- Gepubliceerd: 22 februari 2023
- Categorie: Cultuur