Lees al het corona-gerelateerde nieuws wat betrekking heeft op Wergea op dit overzicht: https://www.wergea.com/home/corona-nieuws

sutelaksje 01Wergea - Sutelaksje Fryske Boek op sneon 5 oktober


Foar de fiifde kear yn de nije opset sille we mei de Fryske boeken by de doaren del. We komme wer op de fertroude tiid, sneon 5 oktober tusken 11.00 en 14.00.

Fanút Us Doarpshûs sille de sutelders mei de kroaden fol boeken by jo del komme. Ek it bûsboekje is der wer by! Om bewenners yn ús doarpen entûsjast te meitsjen foar de nijste Fryske boeken, wurdt der in wike fantefoaren in folder mei ynformaasje ferspraat. Mochten jo sneons net thús wêze, dan kinne jo ek in bestelbon opstjoere.

Ek dit jier is der rûnom yn de provinsje sutele. Yn gearwurking mei de stifting Boeken fan Fryslân hat skriuwer Ferdinand de Jong it suteljen fan Fryske boeken yn 2009 wer oppakt. Yn Wergea fersoarget Filmkafé Bagdad de sutelaksje.

In pinautomaat is oanwêzich foar it gefal minsken gjin kontanten yn hûs hawwe. Jo kinne ek delkomme yn Us Doarpshûs tusken 11.00 en 14.00.

Sjoch foar mear ynfo oer alle sutelaksjes op: www.facebook.com/Sutelaksje-593082457526480

Rimmy Tijsma-Sinnema – 058-2551839
Frans Slaterus – 058-2552979

Bedrijven
    
Tweets

06-10-2020 20:45
RT @detwamester: 5 oktober, dag van de leerkracht. Bakker Tije de Boer uit Wergea bakte voor alle leerkrachten van Proloog een fantastisch…


23-09-2020 22:59
RT @popduo: De #hjerst begjint, de simmer is wer dien De #herfst begint, de zomer is voorbij De Moarn - Weima en vd Werf (official video) h…


23-09-2020 22:59
RT @popduo: Sneon 26.9 14.00u boekpresintaasje fan @HinkeCato yn @GlinstraState #Burgum. En wy dogge de muzyk! Zaterdag 26.9 14.00u boekpre…


Ouder >

Volg ons op Twitter: @wergeacom

WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.