wandelpad warstiensLeave minsken,

Eartiids hat der in rinpaad tusken Warstiens en de pleats it Jornahûs west en fia dit tsjerkepaad koest yn Warten en Wergea komme. Spitigernôch is dit paad ferdwûn mar yn 2021 binne der út namme fan Warten, Warstiens en Wergea kontakten lein mei de bewenners fan it Jornahûs, de famylje de Wit, mei de fraach oft der in rinpaad oer de polderdyk lâns it Langdeel komme mocht.

We binne tige optein dat de famylje de Wit dêr ûnder bepaalde betinksten oan meiwurke hat sadat der in nij blokje om by komme sil! It paad is sletten fan 15 maart oant en mei 22 juny en op 1 jannewaris en der meie ek gjin hûnen komme omdat de kij slim siik wurde kin fan hûnestront, dus wy hoopje dat dêr serieus rekken mei holden wurdt.

Op 26 juny, om 14.30 oere, is de feestlike iepening by camping Tholen yn Warstiens! De minsken út Warten kinne om 13.30 oere ek by Sietze en Anne Heegstra komme om mei in groep nei Warstiens ta te rinnen en de minsken út Wergea kinne har om 13.30 oere sammelje by Wopke hoek.

Op dizze dei wurdt de namme fan it paad ek bekind makke en dit projekt is ta stân kommen mei de stipe fan pleatslik belang Warstiens en Warten, Perspectief Wergea, de gemeente Ljouwert en de wurkgroepen grien en biodiverstiteit fan Warstiens, Wergea en Warten.

Bedrijven
    
WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.