Nei in prachtich simmerskoft op it pleintsje bij Iel en mear, geane wy wer on tour. It earste útstapke is nei Eagum, foar in echte hjerstmarkt mei lekkere priuwerijkes.

Snein 10 novimber fan 14 oant 16.30 oere binne wy wer by Aquavino Master Wybrensdyk 4, Eagum bij Hens Jansen en Monique van der Schuit. De markt is dêr binnen en bûten.

Lees meer...

En wat is der te krijen op dizze Versmarkt?
Hens is der fansels met lekkere wyn foar eltse gelegenheid. Rosé, read of wyt, droech of swiet, Hens hat it allegearre.

Ale en Marjan pakke dizze kear it spul fan Iel en Mear yn en ferkeapje yn Eagum harren hearlike produkten.

De froulju fan Frederika komme del mei koeken, koeke en allerhande oare lekkernijen fan Frederika’s taarten ensa.

Shanika is ek wer fan de party mei har hearlike tapparfums, en fansels kinst ek in ôfspraak meitsje foar in massaasje by Massagepraktijk Shanika.

En dan binne wy hiel bliid mei Grietsje, fan Op stâl Deco. De kream fan Grietsje is altyd in kleurich en fleurich gehiel, troch de moaie blommen en planten dy’t sy meinimt.

Dan ha wy in gast, dy’t al ris earder mei syn moaie wurk op de markt west hat: Sibbele de Vries. Sibbele makket prachtige keunstwurkjes op hout, mar makket ek op bestelling as jim spesjale winsken ha.

En dan stiet Lucy fansels ek op dizze Versmarkt, se stiet foar de doar, jim kinne har net misse, mei har tsiis-mobyl en snij graach in lekker stikje tsiis foar jim ôf.

Thedo en Alies ha jim miskien de lêste kear op de Versmarkt al troffen, Thedo makket lekkere woarst, sawol droege as grillwoarst.

Fierders binne wy noch mei in pear ûndernimmers yn gesprek, sjoch op de facebookpagina Versmarkt Reduzum foar it lêste nijs of op de doarpssite Reduzum.com. Der kin dus wat preaun wurde, mar ek yn Eagum stiet de kofje en de tee klear, en dit is ek noch forgees! Sjogge wy jim dêr?

Bedrijven
    
WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.