Lees al het corona-gerelateerde nieuws wat betrekking heeft op Wergea op dit overzicht: https://www.wergea.com/home/corona-nieuws

 

Dit jaar bestaat MFC De Bidler 26 jaar. Het is niet gewoon om vervolgens  een jaar later het 25 jarig jubileum te vieren. Maar men was druk doende in de Bidler. De zaal was volbezet met reserveringen en er werd nog volop gesleuteld in de Bidler om tot o.a. perfecte toneelvoorziening te komen. Men heeft het jubileumfeestje daarom verzet naar 2012. Alle vrijwilligers van de afgelopen 26 jaar waren uitgenodigd om zaterdag 20 oktober dat heugelijke feit te vieren. Iedereen van MODS tot rommelmarktverkoper was meer dan van harte welkom.

 

De avond werd geopend met een smûk welkomswoordje van voorzitter Dries Gerbens. Naast levende muziek was er een (ludieke) terugblik. Die Bidlergeschiedenis werd op hun geheel eigen wijze verwoord door Sybren van der Vlugt en Wiebe Sinnema. Sybren bouwde zijn verhaal op, zoals een echte skoalemaster betaamt, uit enkele op papier staande steekwoorden: Hoe de oude kerk eind 19e eeuw werd vervangen door het huidige gebouw, over het verval en het besluit om er een MFC van te maken. Zijn verhaal was gelardeerd met vele mooie anekdotes. Wiebe had zijn verhaal keurig op papier gezet en zelfs gedigitaliseerd. Dat laatste maakt dat het verhaal gemakkelijk aan onze thusside "wergea.com" kon worden toevertrouwd. Het is weer een heerlijk, herkenbaar en typisch Wieberiaans verhaal geworden.

Luchtige, historische anekdoten…..

‘ It wurdt heech tiid dat wy hjir yn Wergea mei syn allen in tsjerke bouwe’, sei de foaroanman fan de hereboeren  dy’t rûnom it doarp hjir en dêr op in terp wennen. ‘Wat se yn Wurdum, Grou en Warten koene, kinne wy hjir ek’. Bûsjild hiene se genôch, dêr lei it him net oan. En sa barde it dat sa om en naby it jier1150 hjir, op it plak wêr’t wy no sitte, steane of miskien op it ein fan de jûn wol lizze,  in behindich ,stiennen tsjerkje boud waard. Net te grut, mar dat hoegde byleaven ek net….

Op in sneon te jûn, djip un de hjerst, waard der skutjast yn it lytse sealtsje dat by it behindige tsjerkje oanboud wie. It soe gean om fleisprizen. En hoewol sa wat alle boeren harren skoarstien al fol hingje hiene mei siden spek en de bargehokken suver útpûlen fan de fette sûgen, wie der in grutte dielname. Want it mear is ommers noait fol, doe ek al net. Der waard omraak swetst en sweard, de glêzen stiene noait leech en einliks ek noait fol. Doe’t it al moai tsjin ienen luts en de finale yn de haadklasse op it punt fan begjinnen stie, frege in al wat aldere man, dy’t al ryklik preaun hie, it wurd. It wie Lycklama à Nijholt, dy’t him alfêst in adellijke namme oanmetten hie, foarútrinnend op de Fryske lân adel dy’t op kommende wei wie. Nochter koe hy de ‘r’ net sizze, mar no, mei in protte drank op, koe hy sûnder dat it heakke samar ‘trije protters op in prikje’ útbringe. ‘Freonen’, sette hy útein, ‘ôfrûne nacht hie ik in visioen, en doe seach ik myn wiif ek noch net iens oan. My waard troch in skriuwende hân op ‘e muorre buorkundich makke dat oer sa’n 800 jier, op ditselde plak, big-bands en muzykkorpsen spylje sille, toanielútfierings harren gerak krije, artiesten foar master opslaan en it op Nijjiersdei oer it generaal op in biersûpen útdraait. Wee, oh wee, de wrâldske ferdivedaasje sil hjir ea foar master opslaan. Mar dan docht aldergelokst de holle my net mear sear. En lit ús no de finale spylje’. De kaart gong gelyk op, it waard 14 om en de taap bliuw iepen.. By eintsjebeslút rekke Lycklama à Nijholt tusken 2 man yn nei hûs, smoardronken. Syn wiif stie al yn ‘e doar mei in kop as in tuorre. Efkes hoopte hy dat dit ek in visioen wie, mar doe’t hy de panlatte op syn lea fielde, wist hy wol better. Visioenen slane nammers net, en seker net mei panlatten. Sa goed en sa kwea at it gie, strompele hy de trep op, klaaide him út en joech him fuort del. It jûnsgebet sloech hy dizze loop mar oer. Fannacht soe hokfoar visioen ek mar, him net mear negerje.

Wiken, moannen, jierren, ja ieuwen giene foarby. Lycklama à Nijholt lei al in moai skoft mei de noas omheech, it tsjerkje wie yndertiid gâns grutter wurden, en Wergea ek. Yn 1580, lykwols, krige de tsjerke oare bazen dy’t fan dy wrâldske ferdivedaasje hielendal neat ha moasten. Sels it skutjassen op sneon waard ferbean en op snein it sykheljen ek. Hie it visioen fan Lycklama dan allinne mar in soarte fan luchtfytserij west? Mar nee. Visoenen ha allinne wat mear tiid nedich om ta wurklikheid te kommen. It jier 1871 brocht it ein fan de âlde tsjerke. Dizze  waard mei de grûn gelyk makke en der kaam in gâns grutter model te stean, suver alhiel yn de styl fan syn Roomske koncurrent oan de eastkant fan it doarp. It folk dat nei de nije tsjerke reizge wie de redelijke kant it neist, lykas harren buorren oan it oare ein fan it doarp.  Om’t beide gjin skerpslipers wiene, krige Wergea de namme fan in tolerant doarp. Oft dit altyd en ûnder alle omstandichheden sa wie en is, litte wy mar oan de beleefdhyd oer.

En dan, sa oan de ein fan de santiger jierren fan de 20 ste ieu, falt it doek foar de tsjerke. Mar gebou en toer bliuwe gelokkich stean. En yn dat tiidrek wurdt it visioen fan Lycklama à Nijholt  wurklikheid. Ieuwen lang hie hy dêr rêstich ûnder de flier lein, op in daaldersk plakje, yn de gerêststellende wittenskip dat boppe him Gregoriaanske gesangen, en letter psalmen en hymnen omheech giene en preekjende pastoors en dûmnys it tsjerkefolk de wacht oanseinen. Mar doe feroare alles. It wie dien mei de rêst.
 Yn’t earst oan foel it noch wol wat ta mei dy drokte. Der kamen deftige bestjoeren en dito     boukundigen oer de flier, dy’t de boel beseagen en fuort en daliks mei de holle skodden. Dit koe noait wat wurde, dit wie ta weismiten keard.

Op in jûn wie it bestjoer fan Pleatslik Belang foar de safolste kear op de ‘plaats-delict’-oanwêzich. Se wiene yn ôfwachting fan in wichtich man, de safolste, dy’t harren it paad wize soe nei in nije bestimming fan it gebou. Doe’t hy lang om let oankaam gie hy midden yn de seal stean, snúfde in pear kear en seach doe in skoft om him hinne. It wie in grutte, skrale man mei it lange, grize hier suver oer de earen hinne. Dat wie gjin weelde , want it wie der net te hurden, sa kâld.  Mar de grutte, skrale man mei it lange grize hier hold him, al pratende wei, sels wol waarm. Yn in tiidsbestek fan krapoan 2 oeren gie hy op wiidweidige wize alle mooglikheden fan it gebou bylâns. En dat wiene der noch al wat: In vestzaktheater, in skouburch, in aula, ferdivedaasje jûnen, filmfoarstellings, bruiloften en partijen, folle net genôch. Allinne in bordeel, in ûnderkommen foar it wytwaskjen fan drugsjild en in mesterij foar biologische bargen kamen net yn oanmerking. Dit soene ‘aanstootgevende bedrijfsactiviteiten’ wêze dy’t it draachflak fan de hiele operaasje ûndermijne koene. Doe’t de man útpraat wie, en dat holden wy hast net mear foar mooglik,  stie it swit ús in stek dik op ‘e rêch. Sa folle ynformaasje op ien jûn wie foar ús, ienfâldigen fan geast, mar kwalik te behappen.

‘At wy no ris hinnegongen,’ sei foarsitter Mattheus Kamsma, ‘en keapje by Koos in stik of hwat. Sliepen wurdt de earste oeren dochs neat’. Wa fan ús koe dêr lilk om wurde?. It siet dêr tige gesellich, de romers wiene nea leech, mar einliks ek nea fol. Wêr ha wy dat earder heard yn dit ferhaal? Is soks fan alle tiden? Enfin, nei’t wy Sake Postma frege hienen wat hy wol net tocht fan Nederlânske series op ‘e televysje, en hy dêr sa’n prachtich antwurd op joech dat te moai is om hjir wer te jaan, frege dyselde Sake de oandacht fan Matheus Kamsma. ‘Foarsitter, at jimme fan doel binne om mei Yasser Arafat yn see te gean, dan stap ik jûn noch op as bestjoerslid fan Pleatslik Belang’. Grutte konsternaasje. Yasser Arafat? Hiene wy nei de besette Jordaanoever west yn pleats fan nei de tsjerke? En doe seagen wy ynienen it ljocht. De oerienkomst tusken beide persoanen wie grut. Beide hiene it lange grize hier ta yn ‘e nekke hingjen en beide hiene se ek wat in haffeljende manier fan praten. Mar Yde Schakel, want dat wie de man yn de tsjerke, is krapoan 85 jier en libbet noch as in hert mei syn tredde wiif, wylst Yasser al wer in jier as hwat ferlyn stoarn is. At wy wat fan Yde syn ideeën oernommen ha? Ik soe it net mear witte. Mar grif wol, want hy liet neat ûnbesprutsen. Bynammen net syn eigen Aldfaars Erfroute, fan Exmorre nei Allingawier, mei de Izeren Ko en de moaie, âlderwetske smidte fan âld top keatser Sjouke de Boer.

En doe wiene dêr ynienen de Mods. In Mod wie in lid fan in Londense sub-cultuur die beskreaun waard as ‘in modernist die behagen schept in het luisteren naar bands als The Small Faces, The Kinks en The Who. Zij waren gekleed in scherpgesneden, Italiaanse maatpakken en werden over het algemeen gezien als verwijfde snobs die helemaal in de ban waren van hun kleding’. Mar soks koe net slaan op ús Mods, de ‘meesters op de schop’, sa’t oait Kees van Heynsbergen se neamd hat. Dizze Masters op de Skeppe wiene net lid fan in Londense subcultuur mar sleau wei fan de  Merkekommisje of in oare feriening, se harken net nei The Kinks of The Who, mar nei de Kast en It Fryslân combo.Se hiene ek gjin ‘scherpgesneden, Italiaanse maatpakken’ oan de lea, mar heal fersliten spikerbroeken, suver stikken wosken overalls en T-shirts fan 3 stiks foar tientsje, yn gûnen wol te ferstean.
En wat wrotten en dolden dy mannen. Pypskoft wie der amper by. Allinne, at de doar ûnder de toer healwei de jûn iepen gie, waarden de skeppen hastich dellein en fleagen de noeste wurkers út ’n draaf nei foaren, lykas skiep dy’t de amer mei biks ratteljen hearre. Mar dizze kear gie it om kâld drinken. Want Koos Homans, de oerbuorman, hie wol gauris foar moade om mei in pear kratsjes bier lâns te kommen. En dêr waarden de Mods út noch yn net lilk om. Sterker, hiel inkel kaam it foar dat men al drinkende wei tsjin elkoar sei: ‘It sit hjir sa gesellich, wy ‘modzje’ jûn mar net mear’. It wurd Mod wie al ferbastere ta in werkwurd. En sa kaam it dat nei ferrin fan tiid foar ferskaten ûnder ús de Mod in soarte fan twadde persoanlikheid waard, in mylde foarm fan schrizofenie sloech ta. Der wiene inkelen dy’t, at se moarns út bêd rûgelen, earst nei de spegel stapten, djip sykhellen en dan mei in earnstige stim tsjin harren sels seine: ‘Ik ben een Mod, in het diepst van mijn gedachten’. En dan koene se der dy jûns mar wer fleurich tsjin oan’..

De tsjerke wie lang om let útgroeven, de Mods koene yn de wol fertsjinne rêst…..

Einliks begûn it doe pas. Der kaam model yn de tsjerke, mar net earder as dat der in pear jier fûleindich timmere, metsele, plamure, bikke, ferve en klost wie. Doe’t it der op begong te lykjen dat it lytse ploechje folhâlders de slach winne soe, waard der in priisfraach útskreaun. Der moast in namme komme. Johannes en Trynke Kooistra en Durkje Swierstra-de Jong wiene samar beret. De Bidler soe it hite. Koe it tapasselijker?

Wy hiene it niis oer in lyts ploechje trochsetters. Mei in beskieden variant op de beroemde wurden fan Winston Churchill yn 1945 kinne wy dan ek sizze: ‘Nea yn de skiednis fan Wergea hat sa’n lyts ploechje folk sa folle dien foar sa’n protte minsken’.
En faaks komt der boppe de yngong fan de Bidler oait noch ris in earbetoon te hingjen yn de foarm fan in Latinske spreuk: ‘Sine Labore Nihil’, ‘Zonder werken gebeurt er niets’.          
                   En Lycklama à Nijholt hie it hjir, lang om let, folslein mei iens west.
Wiebe
 

Bedrijven
    
Tweets

28-11-2021 21:21
RT @BakkerijdeBoer: Psssst.........guess who's back ? De Friese Derby Oranjekoek https://t.co/ZvVZWX2Zv0 #camhee #derby https://t.co/eH3O


19-11-2021 22:45
RT @vvWarga: https://t.co/o8nmISnG9m


19-11-2021 22:45
RT @popduo: Stim op ús! Gean nei https://t.co/sfxhTVpaM0" target="_blank">https://t.co/sfxhTVpaM0 en set ‘Do’ op 1! Stem op ons! Ga naar https://t.co/sfxhTVpaM0" target="_blank">https://t.co/sfxhTVpaM0 en zet ‘Do’ op1! #…


Ouder >

Volg ons op Twitter: @wergeacom

WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.