Lees al het corona-gerelateerde nieuws wat betrekking heeft op Wergea op dit overzicht: https://www.wergea.com/home/corona-nieuws

bistedokter_small.jpgLyts Mystearje

De technyk stiet net stil. Likernôch alles wat by minsken kin, kin in pear jier letter by bisten ek. Jo kinne it sa mâl net betinke. Ortopedyske operaasjes, transplantaasjes, gentechnology en wat al net mear, de wittenskip soarget dat de bistedokterspraktyk by de tiid bliuwt. Salang it de maatskippij ekonomysk foar de wyn giet, kinne en wolle de baaskes it foar harren bisten wol bekostigje. Ek medyske attributen sjocht men hieltyd mear yn de bistewrâld. Bygelyks (sinne-) brillen binne der al lang foar de hûn; it gehoarapparaat liket dêrfoaroer noch takomstmuzyk. Of is dat ek al yn gebrûk?

Wat wiene dy earkes fan dy earme Truus smoarch! De kat hie ferskuorrende jokte en de gehoargonkjes sieten grôtfol mei swarte earfet. Myt wie myn konklúzje. De mikroskoop befêstige dat. In grut oantal wrimeljende koartpoatige lytse spintsjes kamen my foar ‘t fizier. Ik mei dat ek graach efkes de eigner sjen litte. Faaks griist dy derfan. Dan is de kâns grutter dat de krupsje ek goed neibehannele wurdt. De krigele beppe dêr’t Truus by hearde, bearde fuortdaliks dat se no wol leauwe woe wêrom ‘t de kat sa min lústere. Dy earen sieten ommers smoarfol!

Ik waard warskôge dat Truus as asylkat ien wie mei in gebrûksoanwizing. Sy koe samar it mâle fel oankrije at it har net sinde. Mar oan ’t dat momint hie se mûsstil op de behanneltafel sitten en liet se alles deemoedich oer har hinne komme.

Wylst ik, ûnder súntsjes protest fan Truus, hoeden begûn te himmeljen, bûgde it minske in bytsje tichter nei my ta en flústere oft se my wol wat nuvers freegje mocht. Fansels, altyd. ‘Ik bin al in pear wiken myn gehoarapparaat kwyt’, sei de frou. ‘Ik wit hiel seker dat ik it midden op ‘e tafel dellein hie, en ynienen wie it fuort.’ Har eagen waarden grutter en seagen my freegjend oan: ‘Soe it wêze kinne dat dy kat fan my it opiten hat?’ ‘No, eh, ja, katten binne sinnige iters, mar eh......hoe grut is dat ding eins?’, andere ik. Se joech mei tomme en wiisfinger oan hoe lyts wol net: ‘It is in ding fan neat.’ Ik tocht fan net, mar ik woe it ek net útslúte: ‘Wat deryn giet komt der faak ek wer út.’ ‘Man, ik haw al trije wike de kattebak hieltyd wer útplúze!’, kaam der fûl út.

Ik smiet it doe oer in oare boech: ‘Ik tink dat de kat mei syn smoarge earen sa min hearde, dat er tocht dat hy jo gehoarapparaat wol brûke koe, doe’t er it op ‘e tafel lizzen seach. Mar hy wist fansels net rjocht hoe’t er dat ha soe. Doe hat er it mar opfretten. No sit it as in ynplantaatsje earne yn syn mage of sa en hy heart no likernôch alles wer, tink ik.’ It âld minske seach my oan en begûn te laitsjen: ‘No hawwe jo my te fiter!’ Noch hieltyd liet Truus alles gewurde. Mar doe‘t ik mei it lêste túbke earsalve oansetten kaam, wie de maat fol. Sy fleach my ynienen suver oan en myn kollega moast byspringe om de behanneling ôf te meitsjen.

Twa wike letter kaam Truus foar kontrôle op it sprekoere. Har earkes wiene in stik better en krigen in lêste neibehanneling. Gau treaunen wy poes wer yn ‘e tas om in nije útspatting foar te wêzen. Ik frege oft it lytse mystearje fan it gehoarapparaat ûnderwilens oplost wie. Dat wie spitigernôch net it gefal, liet har bazinne my witte. ‘Mar jo hoege net sa lûd mear tsjin my te razen, want ik haw al in nijenien kocht en kin no wer poerbêst hearre.’

Bron: Menno J.Wiersma, Bistedokterspraktyk Reduzum-Grou

Bedrijven
    
Tweets

28-11-2021 21:21
RT @BakkerijdeBoer: Psssst.........guess who's back ? De Friese Derby Oranjekoek https://t.co/ZvVZWX2Zv0 #camhee #derby https://t.co/eH3O


19-11-2021 22:45
RT @vvWarga: https://t.co/o8nmISnG9m


19-11-2021 22:45
RT @popduo: Stim op ús! Gean nei https://t.co/sfxhTVpaM0" target="_blank">https://t.co/sfxhTVpaM0 en set ‘Do’ op 1! Stem op ons! Ga naar https://t.co/sfxhTVpaM0" target="_blank">https://t.co/sfxhTVpaM0 en zet ‘Do’ op1! #…


Ouder >

Volg ons op Twitter: @wergeacom

WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.