Lees al het corona-gerelateerde nieuws wat betrekking heeft op Wergea op dit overzicht: https://www.wergea.com/home/corona-nieuws

Inspraak Pleatslik Belang Wergea tijdens de raadsvergadering op 04-12-2007 met als onderwerp de brug.

Achte College en Riedsleden,

It is jammer dat we fêststelle moatte dat we as Pleatslik Belang Wergea net op de aktieve manier meitinke kinne as wat eartiids fan ús freege waard. We hawwe fanôf 2003 oantrúne op de needsaak fan it útfieren fan ûnderhâld oan de brêge midden yn Wergea. Oan de hân hjirfân binne ûndersiken dien nei de staat fan de brêge. We hawwe hjir noait ynsage yn krije kinnen.

Achterôf besjoen hie it bêtter west om de sinten fan it ûndersyk direkt foar ûnderhâld te brûken. We wurde begjin 2007 ynformeard oer de allarmerende minne technyske staat fan de brêge. Dit is foar PBW de oanset west om it doarp te ynformearjen oer de brêge. Dit leit yn it doarp sa gefoelich dat der sels in aktie-groep oprjochte is, mei as doel de brêge te behâlden. As wy oertsjûge binne oer it behâld fan de beweechbare brêge, dan sil der aktief mei de bewenners in goed plan opsteld wurde moatte.

It doel fan PBW om de brêge 5 jier normaal betsjinber te hâlden en dêrnei te evalueren. We hawwe in tasizzing fan’e wethâlder, as wy der yn slagje om in bedriuw te fynen dat ûnder de €50.000 de brêge foar de termyn fan 5 jier normaal en feilig betsjinber meitsje kin, hy moarn de opdracht hat. Dit is slagge, mar dan wurdt it argumint fan de brêgewachter op tafel lein. Wat foar offer moatte we bringe? - moat Wergea in frijwilliger beskikber stelle foar de betsjinning? (hoe komt it straks mei de jiske-auto?)

Wêrom lizze de bedragen fan de offerte, welke troch PBW yntsjinne is, sa fier út elkoar mei it advies fan Wêtterskip Fryslân. Wurdt hjir bewust op oanstjoert as hawwe wy te meitsjen mei in oar “eisenpakket”? Yn in reaksje op ús offerte binne fragen stelt oer dizze offerte, wêrfan de antwurden letterlyk yn de offerte steane. Hoe skerp is der nei ús offerte sjoen en hoe serieus nimt it college PBW? We misse ek meardere offertes oangeande it tydelyk opknappen fan de brêge. Wat keapmans-geast soe hjir jild opleverje.

De bewênners fan de Lytse Buorren kinne yn it plan fan in fêste brêge net mear mei de auto foar hûs komme. Inkele bewênners hawwe hielendal gjin mooglykheid mear om mei de auto har hûs te berikken. Dit jouwt planskea wat net fertaalt is yn de begrutting foar de fêste brege fan €350.000. Wat hat dat foar betjsutting foar bygelyks in sikenauto, brandweer etc.

Wy freegje de rie om foar ús optie te kiezen. De rie en it college krije dan 5 jier extra tiid om tegearre mei it doarp te wurkjen oan in akseptabel plan. Dan kin nei 5 jier, nei evaluatie, besjoen wurde hoefolle en wat foar boatjes nog troch it doarp farre, tegearre mei de kultuurhistoriske wearde en de levendigheid die verlêrn gean, in earlyke ôfwaaging meitsje wat te dwaan mei de brêge.

Bron: Dries Gerbens Ut namme fan Pleatslik Belang Wergea

Bedrijven
    
Tweets

28-11-2021 21:21
RT @BakkerijdeBoer: Psssst.........guess who's back ? De Friese Derby Oranjekoek https://t.co/ZvVZWX2Zv0 #camhee #derby https://t.co/eH3O


19-11-2021 22:45
RT @vvWarga: https://t.co/o8nmISnG9m


19-11-2021 22:45
RT @popduo: Stim op ús! Gean nei https://t.co/sfxhTVpaM0" target="_blank">https://t.co/sfxhTVpaM0 en set ‘Do’ op 1! Stem op ons! Ga naar https://t.co/sfxhTVpaM0" target="_blank">https://t.co/sfxhTVpaM0 en zet ‘Do’ op1! #…


Ouder >

Volg ons op Twitter: @wergeacom

WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.