20060402, Foto's Swingcafé
    Foto's

Afgelopen zondag 2 april werd voor het eerst een Swingcafé georganiseerd. Feike Schuurman maakte hiervan enkele foto's.

Klik hier voor de foto's

 

Swingcafé yn Wergea

WERGEA - Snein 2 april is in datum om yn de grôtfolle aginda's te notearjen. Yn in kafee-achtige setting, dy't tinken docht oan it New Orleans fan 'e foarige ieu, kinne jo middeis ûnder it genot fan in drankje ûnthaaste, wylst ferskate muzikanten harren ding dogge. Neist Ljouwerter 'beroemdheden' lykas Elly May en har sus Karin, litte ek in oantal Wergeasters, wêrûnder in oantal relatyf nije ynwenners, harren fan in oare, jazzy kant sjen. De bigband Two Towers Collective (Ja, dat klopt: Twa Tuorren) hat yntusken al in namme opboud en sil net ûntbrekke by dit evenemint, dat by foldwaande súkses miskien neifolging krije sil. De tiid dat jazz as muzyk foar minsken op in beskate leeftyd sjoen waard, leit lokkigernôch achter ús - sjoch bygelyks de populariteit fan in jong broekje as Jamie Cullum - dus ek de jongere gast is fansels mear as wolkom. Eltsenien is wolkom op 'e boppeseal fan kafee 's Lands Welvaren op snein 2 april om 16.00 oere.