20030122, 'Halbertsma' Wergea: In komysk stik mei frijwat eigentiidske, wrange kanten
    Archief
        Archief 2003
            Archief januari 2003

WERGEA - Toanielferiening Halbertsma docht 24 en 25 jannewaris de Krystdagen nochris oer, dan fansels yn de foarm fan in toanielstik. Dlt kear 'Elts foar himsels', op 'e nij wurk fan de Ingelske skriuwer Alan Ayckbourn. Dit kear oer fjouwer steltsjes, dy't elkoar alle jierren om de Krystdagen hinne treffe. De leave frede is lykwols fier te sykjen. It is in komysk stik oer gewoane minsken, dy't frjemd dogge en frjemde minsken dy't gewoan besykje te dwaan.
Regisseur Hessel Boermans komt deryn doarpskrante 'De Havenbank' fan jannewaris oer op 'e tekst. Alle minsken yn it stik binne egoistysk, mar dogge har better foar as dat se binne. Dat liedt net allinne ta swart-gallige humor, want ek de fleurige Wergeasters sille harren de busen śtskuorre, ferwachtet Boermans. Sa sille der op it toaniel lju wźze dy't net al te folle klean oan hawwe, oaren sitte de heale jūn yn in oven en wer oaren binne net śt itoan-rjochtkastje wei te slaan. Der is ek immen dy't harsels tekoart dwaan wol op allerhanne wizen. Dochs wurdt it in jūntsje laitsje, ferwachtet Boermans.
De spilers binne: Anja van Ballegooijen, Aleida Fennema, Jildou Hotsma, Tom Kamsma, Cor Pijl en Peter Weijer. Janny Veenstra is ynstekster, Meine Bijlsma en Folkert Sinnema soargje foar it lūd en it Ijocht en sa is der noch in keppeltsje helpers om it stik sa goed mooglik op 'e planken te krijen.
De kaartferkeap is al utein setten. Telefoanysk bestelle kin noch: 058-255 11 99.

WERGEA - Toanielferiening Halbertsma yn Wergea bringt op 'e nij in stik fan de Ingelske skriuwer Alan Ayckbourn. Twa jier lyn spile de ploech 'In famyljesaak', dizze kear wurdt it 'Elts foar himsels', wźrfan't de oarspronklike titet is: 'Absurd Person Singular'. In tige eigentiidsk stik, neffens regisseur Hessel Boermans śt Snits. Dat de ien oars foar it Krystfeest oer stiet as de oar, is mei dizze foto fan de repetysje fan ofrūne sneintemiddei al te sjen. F.l.n.r.: Tom Kamsma, Cor Pijl, Jildou Hotsma, Peter Weijer, Aleida Fennema en Anja van Ballegooijen.

(bron: Actief dinsdag 22 januari 2003)