20051112, Kulturele Kommisje Wergea: Kingsmen, Harmonizers & Big Band
    Archief
        Archief 2005
            Archief november 2005

In unike muzykjn. Dat wurdt it op sneon 12 novimber yn De Bidler. Dy jn binne der mar leafst trije ferskillende optredens, elk yn grutte formaasje.

Om te begjinnen trede de 30 man sterke Frisian Harmonizers t Wergea op mei harren barbershop programma. Drnei binne de ek 30 man sterke Kingsmen oan de beurt. De Kingsmen is in barbershopkoar t Ingeln, dat yn it wykein fan 12 novimber by de Harmonizers yn Wergea op besite is. De Kingsmen steane garant foar in sprankeljend en muzikaal optreden! En dan komt de Wergeaster Big Band ek noch op de planken. Earder dit jier liet dizze band al hearre dat se muzikaal mei bekende nmers in hiel eigen en swingend ld hearre litte kinne!


Big Band Wergea, Foto: Feike Schuurman.

De jn begjint om 20.00 oere yn De Bidler. Wy ferwachtsje in hiel  soad belangstelling, drom wize wy mei klam op de foarferkeap. Kaarten foar de muzykjn op 12 novimber kostje 5 euro oan de kassa, yn de foarferkeap 4 euro. Kaarten kinne tusken 19.00 en 21.00 oere reserveard wurde by Coby Tijsma (tel. 2552771) of fia in email nei kkwergea@hotmail.com.