Niet het kleinsteedse van een Amerikaanse suburb, maar het weidse van het Friese platteland is de plek waar Sywart voor het oog van duizenden camera’s opgroeit. De makers van het iepenloftspul van Wergea zijn voor de bewerking van ‘The Truman Story’ naar het nietige Warstiens uitgeweken. De vrolijkheid is er niet minder om.
FOTO LC/SIEP VAN LINGEN
Plak: Warstiens.
Barren: Wergeaster iepenloftspul ‘Sywart de soap’.
Bewurking en regy: Theo Smedes.
Belangstelling: 330 besikers.
Noch te sjen: 14, 15, 18, 20 en 21 juny, 20.30 oere.
www.sywart.nl
WARSTIENS - Ear’t de eigentlike foarstelling begjint, sit it publyk al in moai skoft nei de eistige gong fan saken yn it doarp fan Sywart te sjen.
De bakker sutelet de bôle út, de krantejonge triuwt de krante yn ’e bus, de pastoar rint de tsjerke út en yn, froulju kuierje mei hûn en bernewein. Alles is feilich en fertroud, it jout aardich wer hoe’t it slagget om Sywart al tritich jier yn it doarp en dêrmei ûnder it berik fan in pear tûzen kamera’s te hâlden.
Sywart is de Fryske ferzje fan Truman út de film ‘The Truman Show’. Hy is fan syn berte ôf haadpersoan fan in realityshow op televyzje. Syn libben wurdt al tritich jier 24 oeren deis filme, syn wenplak is ien grutte studio, alle minsken om him hinne binne akteurs. Miljarden minsken op ’e wrâld folgje ‘Sywart de soap’, der is mar ien dy’t nét wit hoe’t it sit en dat is Sywart.
Film en iepenloftspul litte sjen wêr’t de realityshow op televyzje – noch altyd in populêr sjenre – yn it uterste gefal ta liede kin. It Nederlânske ‘Big Brother’ hat sjen litten dat Nederlân yn dit stik fan saken net ûnderdocht foar Amearika en dêrom liket der neat op tsjin om it ferhaal nei Fryslân te heljen.
Foar wa’t de film ken is it al eefkes wennen. It keunstmjittige en oerdreaun fleurige fan in neiboude Amerikaanske suburb is ferfong troch in autentyk Frysk doarpke mei in tsjerke en in pear huzen. Psychologysk is it wol te ferantwurdzjen. Sawol Truman as Sywart is, lykas de measte minsken, bang foar it ûnwisse fan it libben en langet dêrom nei de ienfâld fan it bekende. Dat mient de regisseur fan ‘Sywart’ alteast. Allinne is der ien plak dêr’t er noait in kamera krije kinnen hat: de holle fan Sywart.
‘Sywart de soap’ giet minder fier yn syn oerdriuwing as ‘The Truman Show’. Nije eleminten – lykas de lietsjes en de oerdwylske fans op ’e tribune – foegje genôch ta om dat op te heinen.
En dêrmei stiet de Wergeaster Truman Show as in hûs.
SIETSE DE VRIES
-
- Gepubliceerd: 14 juni 2013
- Categorie: Algemeen
- Laatst bijgewerkt: 14 juni 2013
Laatste competitie (Slotavond) "B.C. Castelein"
03-05-2026
KNKB Pupillen Jongens


