HympHamp (mei Paul en Jelmar) 1 septimber yn Wergea
HympHamp theater, in teatergroep út de wâldske hoeke fan Fryslân komt mei in nij, frysk kabaretprogramma 'Op Portret', mei nije (fryske) ferskes, sketches en oare nuveraardichheden. De teatergroep bestiet út Jelmar Hoekstra, Fokke Plantinga, mei meiwurking fan de musikanten Paul Siemensma en Anko Bouma.
Yn 2010 spilen Jelmar en Fokke tegearre yn in produksje en ûntstie it idee om sels in teatergroepke te begjinnen en no fiif jier letter binne hja in stikmannich strjitteateracts, bernefoarstellings en no dus ek in jûnfollend en folweardich kabaretfoarstelling riker: 'Op Portret'.
[Klik op 'Lees meer' foar alle ynformaasje.]
’Op Portret’ is in foarstelling mei in ferskaat oan types en karakters, spile troch Fokke en Jelmar, werby't de hjoeddeiske minsken en harren dwaan en litten op humoristyske wize tsjin it ljocht holden wurde. Werkenbere sitewaasjes soargje foar in heech 'Och heden ja!'-gehalte, wertroch't it publyk harren de bûsen útskoarre kin of harren sels ris, mei in brede glim, efter de earen skrabbet...! De ymportfries, de âlden fan dagen mei harren rituelen en gewoantes, de fakânsjegongers en fansels de oandwaanlike Beitske en Harke Kietstra mei de fûgeltsjes yn Hea komme yn dizze foarstelling oan bod.
Datum: tiisdei 1 septimber
Tiid: 20.15 oere
Plak: teaterskip BALD’R
Foar mear ynformaasje en it bestellen fan kaarten www.hymphamp.nl
Fan herte wolkom op de BALD’R!
(foto's: Sieta Stel fotografie)
![]() |
![]() |
![]() |
-
- Gepubliceerd: 08 augustus 2015
- Categorie: Algemeen
- Laatst bijgewerkt: 08 augustus 2015
Laatste competitie (Slotavond) "B.C. Castelein"
03-05-2026
KNKB Pupillen Jongens




