
Tryater spilet It famke en de twiveler yn Wergea
Tryater spilet op freed 8 april om 20:00 oere It famke en de twiveler yn De Bidler yn Wergea. It stik is basearre op Two for the Seesaw, in Broadwayklassiker oer de leafde. Akteurs Lourens van den Akker en Ali Zijlstra stappe yn de spoaren fan Robert Mitchum en Shirley MacLaine, dy’t de rollen spilen fan twa minsken sykjend nei leafde en hâldfêst. Hy hat brutsen mei syn leafde en beslút nei de stêd te gean om ôfstân te nimmen fan syn thússitewaasje. Dêr moetet hy har. Sy besiket, krekt as hy, op ’e nij foarm te jaan oan har libben. Se fiele har sterk ta mekoar oanlutsen.
Is harren leafde in middel om de iensumheid te ferdriuwen of is it echt?
Foar regisseur Tatiana Pratley (Heimwee nei Hurdegaryp) fielt it stik as in yntinse stúdzje fan wat leafde is. De twa personaazjes rinne alle stadia fan in alles oerhearskjende leafde troch: fan de earste moeting en it ôftaasten oft de oar dy wol wol, oant de ferlieding, de oerjefte, de earste barsten dy’t komme en de muoite dy’t it kostet om dysels en de oar te akseptearjen sa’t hy of sy is.
It famke en de twiveler is in fassinearjende, eigenwize remake troch jonge teatermakkers, dy’t de sfear fan de jierren ’50 subtyl rekket. De earste oanset foar de foarstelling wie yn 2014 as Sneak Preview te sjen yn it eigen gebou fan Tryater. Yn it foarjier fan 2016 op giene de makkers op ‘e nij mei it stik oan ‘e gong. It famke en de twiveler is no yn in koarte toernee yn mar in pear sealen te sjen.
Kaarten reserveare kin op www.kulturelekommisjewergea.nl, www.tryater.nl en by Anita van der Meer, 058-2552657.
-
- Gepubliceerd: 26 maart 2016
- Categorie: Cultuur
- Laatst bijgewerkt: 26 maart 2016

