En dan is it al wer tiid foar it lêste DH Muzyk | Kafee foar de simmer. Dat is altyd in ferrekt gesellige edysje, en dat wurdt it diskear ek wer as it him oan ús leit!
Ut Aldeboarn en omstreken komt de feestband Rataplan in hearlikne middei fersoargjen. Ek mei de Wergeaster Arnold Hobma!
De band bestiet út mar leafst 8 muzikanten werûnder trije sjongers (M/F). Evergreens fan û.o. Creedence Clearwater Revival en AC/DC, mar se binne ek net te skruten foar hjoeddeiske artysten lykas Lady Gaga.
Dus kom allegearre gesellich wer nei it DH Muzyk | Kafee!
Wanneer: snein 25 maaie. Ynrin fanôf 15:30
Waar: Us Doarpshûs, Nieuwe weg 2, Wergea
Entree : fansels wer fergees.
Oant dan,
Ruurd Sinnema, Jan Tijsma, Rick Heida & Lycke Wijbrandi
-
- Gepubliceerd: 07 mei 2025
- Categorie: Cultuur
- Laatst bijgewerkt: 07 mei 2025