“Human Jukebox” Bruno Rummler komt nei Wergea!
Foar it earst ha we in 1-persoans band yn it DH Muzyk | Kafee want we hâlde fan fariaasje en in singer-songwriter hiene we noch net hân en al hielendal net ien dy’t de saak flink op stelten sette kin! 14 septimber sil it wêze.
Neist prachtige eigen ferskes makket er syn “Human Jukebox” slogan mear as wier troch in protte covers te spyljen en je kinne fan alles oanfreegje en in grutte kâns dat er it fuortendaliks spilet.
Bruno, dy’t oan de foet fan it machtige Reaklif wennet is in bisûnder warber man werfan syn bydragen oan Liet noch mar in topke fan de iisberch foarmje. Syn talinten as film- en toanielakteur koe er sjen litte yn de multi-media foarstelling Ferknipt, dy’t oktober 2021 plak fûn yn de fabrykshal fan Meinderts. Hy hat doe in lytse wike by Mathijs Mud útfanhûs west en begûn al in echte Wergeaster te wurden.
Mar no: Wergea revisited dus, foar him. We ha der wer in protte sin oan as DH Muzyk | Kafee!
Wanneer: snein 14 septimber. Ynrin fanôf 15:30
Waar: Us Doarpshûs, Nieuwe weg 2, Wergea
Entree : fergees.
-
- Gepubliceerd: 10 september 2025
- Categorie: Cultuur
- Laatst bijgewerkt: 10 september 2025