kkw_minilogo.jpgTryater spilet: It perfecte byld.
Sneon 17 november Yn’e Bidler: oanfang 20.00oere
 

kkw_minilogo.jpgTryater spilet: It perfecte byld.

Sneon 17 november Yn’e Bidler : oanfang 20.00oere.

It perfecte byld, oer in frou ut ien stik!

Feninich en fitaal!

Byldhouster Nell Jeffreys is 82, mar in leaf âld wyfke sil se noait wurde. Se is feninich en fitaal. Altyd dwaande de perfecte foarm foar har bylden te finen. Ek fan har dochters Grace en Judith hat se altyd it uterste frege, sûnder oait te beseffen dat sy noait oan dat byld foldwaan woene en koene. Se hat har uterste bêst dien se te ‘helpen’ om folmakke te wurden.

By de iepening fan in grutte ekposysje rinne de spanningen tusken Nell en Judith heech op. Want wat wie der tritich jier lyn mei Grace oan’e hân en wêr is se no? De froulju wurde twongen ôf te rekkenjen mei it ferliene.

De skriuwer fan It perfecte byld, Thomas Kilroy is in master yn it delsetten fan sterke karakters. De spilers binne Aly Bruinsma, Marijke Geertsma en Tamara Schoppert. Regy : Anny van Hoof.

Kaartferkeap til.nr. ( 058 ) 2552200 fanôf 18.00 oere of mail nei kkwergea@hotmail.com

Graach oant sjen, Kulturele Kommisje Wergea

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.