Op sneon 20 septimber om 19.09 oere (mei in knypeach nei it jier dat de earste alvestêdetocht ferriden waard) wurdt it startskot jûn foar in grutte klúnwedstriid by Tryater. Jou dy op op 11stedetocht@tryater.nl en nim dyn redens mei. Der kinne twa kaarten, mei in wearde fan € 75,- it stik, wûn wurde foar de 11Stêdetocht, it lokaasjeprojekt fan Tryater dat yn desimber úteinset.

Nei de koarte presintaasjes fan de stikken dy’t Tryater yn ‘e hjerst allegear spilet, wurdt de jûn om 21.15 oere ôfsluten mei in unyk en bysûnder optreden fan De Kift. Dizze ynternasjonaal bekende punkfanfareband spilet yn juny 2010 mei yn Master en Margarita, it stik fan Michail Bulgakov dat Tryater as lokaasjespektakel op Oerol spylje sil.

Graach oant sjen op 20 septimber!

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.