- Details
- Categorie: Cultuur
- Gepubliceerd: 25 februari 2012
- Laatst bijgewerkt: 25 februari 2012
Hjir bin ik, op syk nei Twarres
Fryslân DOK op snein 4 maart 2012
Iepen en yntym, dat is de dokumintêre ‘Hjir bin ik, op syk nei Twarres’, oer sjongeres Mirjam Timmer (29). Mirjam is tegearre mei jeugdfreon Johan van der Veen, bekend wurden as it Fryske duo Twarres, fan Wergea. Programmamakker Wilfried Bijma makke in dokumintêre oer it libben fan Mirjam, 12 jier nei it grutte sukses mei Twarres. De dokumintêre wurdt op snein 4 maart útstjoerd op Omrop Fryslân Televyzje en Nederlân 2.
Twarres stie yn 2000 mar leafst seis wiken op nûmer 1 yn de Nederlânske Top 40 mei it liet ‘Wêr Bisto’. It wie de earste (en oant no ta ienichste) Frysktalige nûmer-1-hit. In pear jier letter gie Twarres út elkoar. Mirjam besocht dêrnei twa kear om ‘de nije Johan’ te finen, mar dat waard spitigernôch gjin sukses. Wol kaam se der doe efter hoe bot sy Johan miste. Yntusken hat se besletten om as single sjongeres fierder te gean, mei in band. Op it stuit is Mirjam dwaande mei in nije cd, mei Fryske en Ingelsktalige nûmers. Fryslân DOK folge Mirjam Timmer yn har deistich libben.
Yn de dokumintêre praat Mirjam tige iepenhertich oer hoe’t har libben der no útsjocht. Johan is noch altyd in goede freon fan har, mar hy hat in slimme spiersykte krigen en dêr hat Mirjam it wol dreech mei. Mirjam har libben is de ynspiraasjeboarne foar har teksten en muzyk en dus geane dy ûnder oaren ek oer Johan en harren freonskip. ‘Hjir bin ik’, in bysûnder portret, oer Mirjam en oer freonskip.
Fryslân DOK: Hjir bin ik, op syk nei Twarres
Snein 4 maart om 15:25 oere op Nederlân 2
Snein 4 maart fan 17:00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje
Nochris te sjen sneon 10 maart om 10:30 oere op Nederlân 2
[parseberjocht Omrop Fryslân 24 febrewaris 2012]

