De foarferkeap fan Cascada start op 6 maaie yn Us Doarpshûs (fan 19:00 oant 20:30 oere). Fuort nei dizze jûn start de foarferkeap foar elkenien: dan kinne kaarten besteld wurde fia de website (www.iepenloft.nl) of fia de telefoan (058 - 255 12 02, alle dagen tusken 19:00 en 20:00 oere).
Cascada
Lys yn Wetterlân


Stichting Iepenloftspul Wergea 2009

Spyldata: 14, 16, 17 (matinee), 20, 22 en 23 maaie
Plak: Sirkustinte Grut Palma


Lokaasjeteater yn in sirkustinte
It lokaasjeteater dêr't de kommisje Iepenloftspul mei dwaande is begjint sa sûntsjesoan in fâste foarm oan te nimmen. In grutte sirkustinte oan de Steande Mêst Rûte, spilers dy 't drok dwaande binne, net allinnich mei aktearjen, mar ek mei it ynstudearjen fan sirkusakts, bouwers dy 't op lokaasje oan 'e slach kinne en gean sa mar troch. Cascada komt deroan! It ferneamde ferhaal fan Alice in Wonderland, mar dan op in muzikale, unike, orizjinele magyske wize delsetten. In foarstelling foar leafhawwers fan toaniel, fan iepenloftspul, moaie muzyk en sirkus! In foarstelling foar jong en âld en derom dizze kear ek in matineefoarstelling op in sneintemiddei.

Kaartferkeap
En it sil net lang mear duorje en dan start de kaartferkeap. Neffens tradysje is it sa dat der earst in foarferkeapjûn yn Us Doarpshûs is en dat dêrnei de 'gewoane' foarferkeap begjint (fia mail en telefoan). Hjirûnder sette wy it ien en oar op in rychje.

De foarferkeapjûn yn Us Doarpshûs, is fêststeld op woansdei 6 maaie, fan 19:00 oant 20:30 oere. Fuort nei dizze jûn start de foarferkeap foar elkenien: dan kinne kaarten besteld wurde fia de website (www.iepenloft.nl) of fia de telefoan (058 - 255 12 02, alle dagen tusken 19:00 en 20:00 oere).

De priis
De priis foar de kaarten is 15 euro. By de matineefoarstelling is de priis foar bern oant en mei 12 jier 10 euro!

Bron: Stichting Iepenloftspul Wergea
Bedrijven
    
WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.